Aris ferliest fan Rotterdam

24 feb 2007 - 23:44
  • Aris-coach André Roorda
  • Byld fan de wedstriid Aris-Rotterdam

Basketbalklub Aris hat mei 104-107 ferlern fan Rotterdam. De einfaze waard spannend, omdat de ploegen oan inoar weage wiene. Trochdat Aris in oantal fouten makke, joegen sy de oerwinning út hannen.

Aris stiet no ien-nei-lêste mei tweintich punten út 29 wedstriden. Tiisdei spylje de Ljouwerters thús yn 'e heale finale fan it bekertoernoai tsjin Nijmegen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)