Aris ferliest fan koprinner

22 feb 2008 - 13:39

De basketballers van Aris Friesland hawwe tongersdei kânsleas ferlern fan koprinner Amsterdam. De Ljouwerters gongen ûnderút mei 112-81. Aris koe yn it earste koart noch aardich bybliuwe. Nei de earste tsien minuten wie it ferskil mar trije punten. Mar dêrnei wie it gau dien.

Dillon Sneed wie by Aris it bêst op dreef mei 23 punten. Aris bliuwt nei it ferlies ien nei lêste. Allinnich Den Helder hat noch minder punten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)