Aris ferliest fan Grins

23 nov 2008 - 13:57
  • Bylden fan de wedstriid Aris-Capitals

De basketballers fan Aris Friesland spilen sneon yn de Martiniplaza tsjin de Hanzevast Capitals út Grins. Foar in lytse twa-en-heal tûzen man waard it in spektakel fan de boppeste planke mei as einstân 103 - 101 foar Grins.

En dat wylst Aris mei minder as in minút te spyljen noch fjouwer punten foar stie. Matt Bauscher wie by de Ljouwerters wer ris de bêste skutter mei 28 punten. Aris stiet no op in njoggende plak yn de earedivyzje mei acht punten út tolve wedstriden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)