Aris ferliest fan Grins

09 okt 2008 - 22:47

Troch in minne earste helte hat basketbalclub Aris_Friesland ferlern fan de Hanzevast_Capitals út Grins. Nei in pear minuten kaam Aris al mei 12-0 efter en yn it twadde kwart stiene de Ljouwerters sels 18 punten efter.

Yn 'e tredde perioade kaam Aris knap werom oant 42-45 en yn it lêste kwart oant 64-68. Dêrnei joech Aris it fuort en ferlear de jonge ploech mei 66-72. Ferline wike ferlear Aris de earste wedstriid mei 80-51 fan Rotterdam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)