Aris ferliest fan Den Bosch

12 des 2009 - 21:49

De basketballers fan De Friesland Aris hawwe sneontejûn de thúswedstriid tsjin Den Bosch mei 90-76 ferlern. Yn it earste kwart wie it 28-22 foar Den Bosch. Yn it twadde kwart bleau it ferskil gelyk. Healwei stie it 47-41 foar Den Bosch.

Yn it tredde kwart rûn Den Bosch út nei in 69-56 foarsprong en doe waard dúdlik dat de Ljouwerters diskear in maatsje te lyts wiene foar de tsjinstanner. De einstân waard úteinlik 90-76 foar Den Bosch.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)