Aris ferliest fan Den Bosch

07 des 2013 - 22:58
  • Aris Ljouwert

It is Aris opnij net slagge om in oerwinning te beheljen. De Ljouwerters ferlearen mei 79-70 fan Den Bosch. De nederlaach betsjut dat Aris foar de tsiende kear op rige yn de kompetysje ferliest. Nei it earste kwart stie de ploech fan trainer Ed Molthoff noch foar mei 19-17, mar dêrnei kantele de wedstriid en naam Den Bosch de lieding. Yn it lêste kwart kaam de spanning wer werom en stie Aris sels noch efkes foar, mar ta een oerwinning kaam it net. Dertroch stiet Aris op it stuit op in achtste plak, mei mar seis punten út fjirtjin wedstriden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)