Aris ferliest fan Den Bosch

13 apr 2012 - 09:32
  • Aris Ljouwert

De basketballers fan Lasaulec Aris hawwe harren lêste kompetysjewedstriid mei 97-79 ferlern fan Eiffeltowers út Den Bosch. By it skoft seach de ploech fan coach Erik Braal al tsjin in romme efterstân oan fan 51-29.

Troch dit ferlies einiget Aris op it sechsde plak. Nije wike begjinne de play offs, dan is de tsjinstanner foar de Ljouwerter basketballers nei alle gedachten opnij Den Bosch.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)