Aris ferliest fan Den Bosch

04 mrt 2012 - 14:37
  • Aris Ljouwert

De basketballers fan Lasaulec Aris ha sneontejûn yn eigen hûs mei 86-71 ferlern fan EiffelTowers Den Bosch. Benammen yn de earste helte hienen de Ljouwerters it bettere fan it spul. By it skoft stie de ploech fan Erik Braal mei twa punten foar. De twadde helte wienen de gasten út Den Bosch de boppelizzende partij. Aris gong it lêste kwart yn mei in 60-57 efterstân. Dêrnei gong it rap oan de kant fan EiffelTowers. Tsjin de sterke rebound wie Aris net opwoeksen.

Aris stiet no op it sechsde plak mei 18 punten út 22 wedstriden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)