Aris ferliest fan Den Bosch

15 nov 2011 - 22:33
  • Aris

Lasaulec Aris hat foar de earste kear dit seizoen in thúswedstriid yn de kompetysje ferlern. Den Bosch wie nei ferlinging mei 78-77 de gelokkige. Beide ploegen koene mar net loskomme. It earste kwart wie foar EiffelTowers Den Bosch mei 17-15. De Ljouwerter basketballers pakten it twadde kwart mei 18-16. Nei de twadde helte wie de einstân 70-70. Yn de ekstra tiid kaam de winnende skoare yn it lêste sekonde fan Rogier Jansen. Lance Jeter makke foar Aris 16 punten, Manny Adako 15.

Aris hat no trije thúswedstriden wûn en ien ferlern. Bûten Fryslân stiet de teller op fjouwer ferliespartijen. Yn de stân smyt dat in meager sechsde plak op.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)