Aris ferliest ek fan Amsterdam

27 nov 2005 - 12:39

De basketballers fan Aris binne sneontejûn tsjin harren achtste ferlies oanrûn. Thús waard mei 68-91 ferlern fan koprinner Demon Astronauts út Amsterdam.

Nei de earste helte seach it der mei in 41-43 stân noch wol aardich út foar Aris. Mar nei it útfallen fan Michael Kingma, hy krige fiif fouten, gong it mis. Topskoarder by Aris wie Tim Whitworth (18 punten), by de Amsterdammers wie dat James Miller (20).

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)