Aris ferliest earste wedstriid

06 okt 2007 - 22:34

De basketballers fan Aris Friesland hawwe harren earste wedstriid foar de kompetysje ferlern fan Nijmegen. Yn eigen hûs wie de einstân: 73-78.

Aris sette de wedstriid goed útein en stie nei it earste kwart mei 21-18 foar. Dy foarsprong koe net behâlden wurde, benammen om't Nijmegen folle mear rebounds pakte. Neffens coach André Roorda hat syn ploech it op dat punt lizze litten tsjin Nijmegen. Tiisdei spilet Aris út tsjin Leiden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)