Aris ferliest earste wedstriid

07 okt 2006 - 22:49

De basketballers fan Aris út Ljouwert binne it nije seizoen mei ferlies útein set. Yn sporthal it Kealledykje gongen de mannen fan coach André Roorda mei 97-82 onderút tsjin de Capitals út Grins.

Yn de earste helte koe it folslein nije team fan de Ljouwerters it tempo fan de Grinzers goed byhâlde. By it skoft stie Aris sels foar mei 46 -41. Mar yn 'e twadde helte wiene de Capitals in maatsje te grut.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)