Aris ferliest derby

24 des 2007 - 16:14

Basketbalklub Aris Friesland hat de derby fan it Noarden tsjin Hanzevast Capitals út Grins ferlern. Nei de earste helte wie it eins al oer. De stân wie doe 59-32 foar de Grinzers. Yn it tredde kwart rûnen de Capitals fierder út. Yn it fjirde kwart spile Aris wol aardich en pakten se noch twa punten werom. De einstân wie 113-80.

Aris is no ien-nei-lêste. Den Helder is lêste en Almere is út de kompetysje troch de jildpine.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)