Aris ferliest de derby

18 jan 2007 - 22:52
  • trainer André Roorda fan Aris

Aris hat de derby fan it noarden ferlern. Yn Ljouwert wûn Grins tongersdeitejûn mei 91-97. Benammen de earste helte wie Aris de mindere ploech. Nei it earste kwart wie de achterstân 9 punten. By rêst wie dat 6 punten.

Yn it oars sa minne tredde kwart kaam Aris mei ien punt foar. Sels fiif minuten foar tiid stie Aris noch foar. Grins pakte doe njoggen punten op rige en joech dat net mear út hannen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)