Aris fan de flier spile

24 okt 2009 - 23:41

De basketballers fan De Friesland Aris waarden sneontejûn fan de flier spile yn sporthal It Kealledykje. In folle sterker Bergen op Zoom gong mei de 100-61 winst nei hûs. Yn de earste twa kwarten bleau de skea noch beheind. Healwei de wedstriid stiene de Ljouwerters mei 41-30 achter.

Nei it skoft wie it of spile Aris sûnder selsfertrouwen. De Brabanners wûnen it tredde kwart mei 36-13! Doe wie de wedstriid finaal spile. Jayme Miller makke 13 punten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)