Aris - Eiffel Towers 2: 80-79

03 nov 2003 - 00:00

Yn in bûtengewoan spannende wedstriid wûnen de basketballers fan Aris sneon mar krekt fan Eiffel Towers 2 út Nijmegen. Aris begûn slap oan de wedstriid en liet de gasten útrinne oant 12-34. Pas flak foar de ein fan 'e wedstriid kamen de Ljouwerters op 72-73 troch fjouwer trijepunters.

Mei noch in pear sekonden op de klok makke Andy Erickson it ôf fanôf de frije worpline. Aris bliuwt no oan kop fan 'e promoasjedivysje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)