'Aris is de favoryt'

21 apr 2011 - 17:29
  • Neffens Miller is Aris favoryt

De Friesland Aris is favoryt foar it heljen fan de folgjende ronde. Dat seit Ariscoach Pete Miller. Aris spilet sneontejûn de earste wedstriid yn de play-offs tsjin Matrixx playing for kidrights út Nijmegen.

Dit seizoen spilen Nijmegen en Aris fjouwer kear tsjin elkoar en Nijmegen wûn dêrfan trije kear. Nijmegen einige ien plak boppe Aris, mei tsien punten mear. Dochs tinkt Miller dat Aris in kwalitatyf bettere ploech hat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)