Aris-coach Schuurs leit wurk del fanwege wurgens

26 feb 2016 - 16:18
  • Michael Schuurs

Coach Michael Schuurs fan basketbalklup Aris yn Ljouwert leit syn wurk foarearst del. Schuurs is skjin oan ein en nimt dêrom in skoftke rêst. Dat betsjut dat er dit seizoen net mear yn aksje komt as coach fan Aris. 

Klaas Stoppels, coach fan it DTL-team, nimt it wurk foarearst oer. Hy krijt help fan Nanne Klompstra. Aris spilet kommende tiisdei de folgjende wedstriid, tsjin direkte konkurrint Weert

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)