Ariëns wint op Reschensee

09 feb 2013 - 17:32
  • Crispijn Ariëns

Maratonrider Crispijn Ariëns fan Wolvegea hat sneon de Grand Prix op de Reschensee yn Italië op syn namme skreaun. Nei 150 kilometer op it iis fan de Italiaanske opslachmar kaam Ariëns út 'e liken as earste oer de streek. Yn de sprint wie er Jens Zwitser te rap ôf. Peter van de Pol einige as tredde. Fries om utens Jan van Loon waard fjirde en Jobbegeaster Durk Fabriek sechsde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)