Ariëns wint GP op natoeriis

17 feb 2013 - 14:17
  • Crispijn Ariëns
  • Carla Zielman

Maratonrider Crispijn Ariëns fan Wolvegea hat it einklassemint fan de KPN Grand Prix op natoeriis op syn namme skreaun. Yn de finalewedstriid op de Runnmar yn it Sweedske Falun kaam Ariëns nei 150 kilomter as tredde oer de streek nei Frank Vreugdenhil en Simon Schouten. It tredde plak wie lykwols genôch om de úteinlike winst te pakken.

By de froulju wie Carla Zielman, wenjend yn Rottum, de rapste oer 100 kilometer. It totaalklassemint gong nei Erna Last-Kijk in de Vegte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)