Arie Smit krijt lintsje foar ynset by Alvestêdeferiening

22 des 2014 - 10:13
  • Lintsje

Arie Smit út Burgum is dit wykein op de ledefergadering fan de Keninklike Feriening De Fryske Alvestêden beneamd ta lid yn de Oarder fan Oranje Nassau. Smit (79) is al goed 28 jier frijwilliger by de Fryske Alvestêden. Hy fersoarget ûnder oare de lede-administraasje.

Dêrnjonken is Smit as trainer aktyf foar de follybalferiening Davos yn Ljouwert.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)