Arie de Jong fan Nes Frysk klaverjaskampioen

31 des 2014 - 15:13
  • Arie de Jong is Frysk kampioen klaverjassen

Arie de Jong fan Nes is Frysk Kampioen klaverjassen wurden. Yn Langwar striden tiisdei goed 175 minsken om de titel fan dit jier. Neffens de sjuery wie De Jong dêrby de bêste. Radmer Kuipers fan It Hearrenfean waard twadde en Marcel de Jong fan Sint Nyk tredde. De winner moat tegearre mei de ferliezer fan it toernoai de edysje fan takom jier organisearje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)