Argyfbylden fan Omrop Fryslân te sjen op weromrop.nl

02 nov 2015 - 12:47

De âlde bylden fan Sybe Satellyt of Baas Boppe Baas weromsjen? In reportaazje oer Simmer 2000 of bygelyks de bylden fan de Alvestêdetocht fan 1997? Dat is fan no ôf mooglik op de nije argyfwebside weromrop.nl. De side fan Omrop Fryslân waard moandei lansearre troch Henk Kroes, âld-foarsitter fan de Vereniging De Friesche Elfsteden.

Op Weromrop.nl is in seleksje fan bylden te finen fan Omrop Fryslân Televyzje dy’t tusken 1985-2005 útstjoerd binne. It is mooglik om sels yn de bylden fan doe te sykjen, mar der wurde ek suggestjes jûn.

Alle seizoenen binne der ûnderwerpen dy’t ekstra omtinken krije. It giet bygelyks om ûnderwerpen dy’t oanslute by it seizoen, by in evenemint of in oar relevant barren. Dizze earste perioade stiet de Alvestêdetocht fan 1997 sintraal. De opnamen dy’t Omrop Fryslân makke fan dy tocht binne werom te finen.

Weromrop is mooglik makke troch it Deltaplan Digitalisearring Kultureel Erfgoed, in mearjierrich digitalisearringsprogramma dat finansiere wurdt troch de provinsje Fryslân. It online fideo-argyf wurdt de kommende tiid noch oanfolle.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)