Argyf Waadferiening by Tresoar

11 mrt 2008 - 22:08

Tresoar is klear mei de ynfentarisaasje fan it argyf fan de Waadferiening. It argyf is ferline jier oanbean oan Tresoar om't der yn it nije gebou fan de natoerklup yn Harns gjin romte foar alle stikken is.

Elk dy't dat wol kin no by Tresoar dokuminten út it argyf besjen. It giet om stikken oer alle aksjes fan de Waadferiening sûnt de oprjochting yn 1965.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)