Argyf Trynwâlden nei Burgum

09 des 2009 - 15:37
  • Oentsjerk heart ek by de Trynwâlden

Goed tweintich meter argyfmateriaal fan de tsjerken yn de Trynwâlden is oerbrocht nei it gemeente-argyf fan Tytsjerksteradiel. Dêr kinne de âlde dokuminten better bewarre bliuwe. Ek wurdt alle ynformaasje oer de Trynwâldster tsjerken no by-inoar bewarre.

Hiel âlde dokuminten dy't bewarre waarden by Tresoar yn Ljouwert binne ek oerbrocht nei it argyf fan Tytsjerksteradiel. De stikken binne foar elkenien iepenbier.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)