Argyf Omrop op besjen by Tresoar

03 feb 2006 - 10:12

It lûds- en byldargyf fan Omrop Fryslân is fan heal maart ôf online te besjen. Tresoar yn Ljouwert hat derfoar in subsydzje krigen fan de provinsje. It doel is foar te kommen dat it materiaal ferlern giet. Op dit stuit is it sa dat âlde fideobannen somtiden al net mear te brûken binne.

It materiaal is neffens Tresoar fan histoarysk belang. Sa binne âlde opnamen fan skriuwers boppe wetter kaam dêr't gjinien fan wist dat se bestiene.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)