Argyf Antonius sikehûs online

13 maaie 2010 - 16:15

It Antonius sikehûs yn Snits sil as earste sikehûs fan Nederlân in part fan har argyf online sette. Op in histoaryske webside sille ûnder oare foto's en dokuminten te besjen wêze. Omdat der altyd in soad belangstelling is foar de histoaryske útstallings yn it sikehûs sels, is de ferwachting dat der ferlet is fan sa'n webside.

Ein takom jier moat it projekt klear wêze. Foar dy tiid moatte tûzenen foto's, dia's en dokuminten digitalisearre wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)