Argrarysk natuerbehear fernijt

10 okt 2008 - 13:53

Hûnderten Fryske boeren moatte wenne oan in nije oanpak fan agrarysk natuerbehear. It giet om boeren dêr't de kontrakten foar bygelyks greidefûgelbehear dit jier ôfrinne.

Yn de nije styl greidefûgelbehear moatte boeren mear gearwurkje yn gruttere gebieten en wurde der hegere easken steld. Ek makket it út oft je al yn in gebiet mei in soad fûgels sitte of net. De provinsje ynformearret boeren hjiroer op fjouwer gearkomsten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)