Argiven moatte tagonkliker

19 jan 2005 - 15:50

Gemeente-argiven yn 'e Súdwesthoeke moatte tagonkliker wurde foar it publyk, fynt de provinsje. In spesjaal ynhierde organisaasje soarget foar foarljochting en aktiviteiten. Fierders komt der in nije stichting om de gearwurking stâl te jaan. Dy wurdt ferantwurdlik foar de aktiviteiten en it deistich bestjoer.

De provinsje giet ek yn oare regio's op ynspeksje by de argiven om te sjen oft dy wol iepen genôch binne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)