Argewaasje om Frysk yn Grins

20 nov 2003 - 00:00

FNP-fraksjefoarsitter Johannes Kramer wol prate mei Drintse en Grinzer Steateleden. By in gearkomste yn Grins fan Provinsjale Steaten fan de trije noardlike provinsjes rûnen se woansdei fuort om't er Frysk prate. Ek al joech er in gearfetting yn it Nederlânsk.

Neffens Kramer is it mear in saak fan net ferstean wolle yn plak fan it net ferstean kinnen fan de twadde rykstaal. Mei sokke minsken is gjin diskusje mooglik en dat fynt Kramer spitich.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)