Argewaasje om beareklau yn Jirnsum

08 jun 2015 - 20:25
  • Beareklau yn Jirnsum
  • Beareklau yn Jirnsum

Omwenners fan it eardere basisskoalleterrein efter de Rykswei yn Jirnsum ergerje harren bot oan de beareklau op dat terrein. Bern en bisten kinne der ferskriklike hûdyrritaasjes fan krije. En dat bart ek, want der wurdt in soad gebrûk makke fan it fjildsje dat no twa jier braak leit.

Der is al ferskate kearen oan de gemeente Ljouwert frege om der wat oan te dwaan, mar dy lit it by twa kear yn it jier meane. En dat is de Jirnsumers net nei de sin, want de beareklau komt gewoan werom.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)