Argewaasje fan tulpen op hôf

09 mrt 2004 - 00:00

Stinzetulpen soargje foar in soad argewaasje yn Ternaard. De unike tulpen bloeie op it tsjerkhôf fan de Herfoarme tsjerke. Mei de gemeente wie ôfpraat dat de tulpen oan de súdkant fan it hôf groeie mochten. De tulp is ferspraat en no is it hiele tsjerkhôf ferwyldere.

De begraffenisferiening wol dat de tulpen meand wurde, mar dat kin net om't se beskerme binne. De blommen moatte earst útbloeie, foar't de meanmasine komme mei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)