Argewaasje fan Alvestêdehype

03 feb 2012 - 12:22

Mei in fideoboadskip besykje de makkers fan de webside Fryske Fideos út Dokkum de âlvestêde-hype ôf te remjen. Yn hiel Nederlân wurdt op it stuit folop spekulearre oer in eventuele Tocht der Tochten, mar in soad Friezen hawwe argewaasje fan de gekte om de Alvestêdetocht hinne en it oerdreaune media-omtinken dêrfoar.

Gurbe, dy't ek efter de súksesfolle Carglass-parody sit, seit yn it filmke: 'Wol in feestje, mar net de soargen. Earst mar efkes kalm oan der yn Hollân, omkoalen!'

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)