Argeologyske stipepunten priizge

07 nov 2001 - 00:00

De argeologyske stipepunten yn Alde Biltsyl, Hegebeintum en Winaam krije de nasjonale priis foar argeologyske monumintesoarch. De Ym van der Werffpriis waard woansdei útrikt op in argeologysk kongres yn Almere.

De sjuery is benammen entûsjast oer de wize wêrop de stipepunten it publyk by harren wurk belûke. De priis bestiet út in keunstwurk en 4000 gûne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)