Argeologyske fynsten yn Eastrum

03 feb 2006 - 17:23

Yn Eastrum yn Dongeradiel binne wichtige argeologyske fynsten dien. It giet om in delsetting fan 6000 jier út de prehistoarje. Dy kaam oan it ljocht doe't der in kelder groeven waard foar in nij hûs.

De resten fan de delsetting binne âlder as de terp fan Eastrum. Mooglik leit der ûnder de terp ek noch it ien en oar. It argeologysk ûndersyk hat fanwege de bouwurksemheden mar koart duorre.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)