Argeologysk ûndersyk Ljouwert

22 jul 2000 - 19:03

Argeologen sette dizze simmer útein mei in argeologysk foarûndersyk op it Aldehoustertsjerkhôf yn Ljouwert. It parkearplak oan 'e foet fan de toer wurdt yn de takomst werynrjochte.

Troch it ûndersyk hoopje de argeologen ynformaasje te finen oer de terpe-opbou yn de Fryske haadstêd oan it begjin fan 'e jiertelling. It foarûndersyk duorret oant 23 augustus.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)