Argeologysk ûndersyk Harns

21 jul 2009 - 17:21
  • 'Mear argeologysk ûndersyk nedich'

Oan de Willemskade yn Harns moat no gau in wiidweidich argeologysk ûndersyk dien wurde nei it âlde blokhûs. Dat seit de feriening 'Oud Harlingen', nei oanlieding fan de stikken muorre en de twa putten dy't fûn binne yn Harns.

Dy fynsten binne dien op it bouterrein fan in appartemintekompleks oan de Willemskade. De feriening hat jierren striden foar mear omtinken foar it âlde blokhûs.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)