Argeologysk ûndersyk Harns

11 jun 2009 - 20:51

Harns lit mei de provinsje argeologysk ûndersyk dwaan yn de gemeente. Mei de útkomsten kinne weardefolle gebieten better beskerme wurde. Ek wurdt foarkaam dat yn gebieten dy't net nijsgjirrich binne, ferplichte ûndersyk dien wurde moat foardat der boud wurde kin.

It ûndersyk kostet sa'n 40.000 euro. Dat bedrach wurdt foar de helte troch de gemeente betelle en foar de oare helte troch de provinsje. Doel is dat it ûndersyk ein takom jier klear is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)