Argeologysk ûndersyk by A7

09 feb 2006 - 10:39

Yn it gebiet oan de westkant fan Snits by de A7 is woansdei in begjin makke mei in argeologysk ûndersyk. Twa delsettingen út it begjin fan de jiertelling wurde dêr opgroeven.

Trije jier lyn hawwe proefboarrings al sjen litten dat der doe bewenning west hat yn it gebiet. As der no wat bysûnders fûn wurdt, kin der noch rekken mei hâlden wurde by it oanlizzen fan it bedriuweterrein De Hemmen. Dat wurdt letter útwreide.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)