Arend Glas wurdt bûnscoach

03 okt 2009 - 15:27
  • Arend Glas yn 2007

Arend Glas wurdt foar ien seizoen bûnscoach fan 'e Braziliaanske bobbers. Hy krijt de ferantwurdlikens oer njoggen manlju en trije froulju. It doel is kwalifikaasje foar de Winterspullen.

Arend Glas wie sels aktyf op 'e Winterolympiades fan 2002 en 2006. Yn 2002 waard er 16e yn de twamansbob en 17e yn 'e fjouwertmansbob. Yn 2006 waard er 19e yn 'e twa- en 16e yn 'e fjouwersmanbob. Hy wie ek ien jier bûnscoach fan it Frânske bobslydteam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)