Arend Glas hâldt mooglik op

08 jun 2006 - 13:32

Bobslydzker Arend Glas fan De Jouwer makket nei de fergadering fan it bobslydbûn op sneon 17 juny bekend oft er ophâldt of trochgiet. Neffens Glas sels hinget syn beslút om troch te gean ôf fan it bobslydbûn.

Glas fynt dat der in soad feroarje moat, mar wat der krekt feroarje moat, wol er noch net nei bûten bringe. It is noch net wis oft remmers Sybren Jansma en Arno Klaassen takom jier wer mei Glas bobslydzje sille.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)