Archeologyske fynst Súdlannen

17 okt 2009 - 16:01
  • Restanten âlde delsetting yn de Súdlannen

By de Ljouwerter wyk de Súdlannen hawwe archeologen in âlde delsetting ûntdutsen út de mid-izertiid. De archeologen sochten eins nei ikkers út de Romeinske tiid, doe't se restanten fan huzen út de mid-izertiid fûnen.

Der wurdt wol ris guod fûn dat noch âlder is. Mar in hiel buertskip út de perioade fan 300-200 foar Kristus is noch nea fûn yn Fryslân. De archeologen hawwe oant no ta fjouwer gebouwen út dy tiid bleatlein.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)