Archeologysk ûndersyk by Snits

31 maaie 2014 - 11:17
  • Archeologyske opgraving

Oan de noardkant fan Snits by it Harinxmaland begjint moandei in grut archeologysk ûndersyk nei in âlde terp. It gebiet rûnom Snits soe al twatûzen jier lang bewenne wêze. De archeologen ferwachtsje dat it guod dat se oantreffe sille, yn goede steat is, omdat alles goed bewarre bliuwt ûnder de dikke klaailaach.

De opgravings duorje sa'n fjouwer wiken. Dêrnei wurdt alles wer tichtsmiten en op 'e nij ynsiedde. It projekt wurdt finansierd troch de provinsje Fryslân en it Groninger Insitituut voor Archeologie.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)