Archeologysk fynplak fernield

03 okt 2012 - 17:18

By wurk fan Wetterskip Fryslân oan de Burgumermar is in belangryk archeologysk fynplak út 7000 foar Kristus foar in part fernield. Grutte masines rieden de grûn stikken, dêr't yn de jierren 70 noch tûzenen fynsten, lykas fjoerstien, út helle binne. Klaas Henstra fan it streekmuseum yn Burgum fynt it ûnbegryplik dat it sa gien is. Wetterskip Fryslân wol de kaden en wâlskanten oanpasse nei de wetteroerlêst fan ferline jier. It Wetterskip wist fan it archeologysk fynplak, mar tocht dat it djipper sitte soe. De gemeente ferliende de fergunning.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)