Archeologysk depot tagonkliker

12 sep 2014 - 19:51

Amateur-archeologen kinne tenei ienfâldiger ûndersyk dwaan nei boaiemfynsten dy't opslein binne yn it Noardlik Archeologysk Depot yn it Grinslanner Nuis. Yn it depot binne boaiemfynsten byekoar brocht fan de provinsjes Fryslân, Grinslân en Drinte.

Freed is by it depot in spesjale romte iepene dêr't net allinnich ûndersikers, mar ek amateur-archeologen en groepen ûntfongen wurde kinne. Se wurde dan holpen mei it ûndersyk en se kinne - as dêr ferlet fan is - archeologysk materiaal út it argyf opfreegje en besjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)