Archeology op 'e Lytse Jouwer

06 okt 2014 - 11:30
  • Archeologe kontrolearret graafwurk fanwege rioeloanlis op de Lytse Jouwer

De Ryksarcheologyske Tsjinst hâldt tafersjoch op de oanlis fan riolearring yn it tsjerkje op 'e Lytse Jouwer. Dêr wurdt in húske en in keukentsje oanlein. It nije húske is nedich omdat de kosterij dêr't minsken earst hinnegean koene, ferkocht is.

In meiwurkster fan de Ryksarcheologyske Tsjinst kontrolearret wat der út de grûn komt. Sy siket nei resten fan de stiennen tsjerke út de 13e ieu dy't earder op it plak stie en de houten tsjerke dêrfoar. Der binne ek al ris spoaren út de izertiid fûn en in Romeinske munt.

It ryksmonumint út 1860 wurdt brûkt foar trou- en routsjinsten en foar lêzings. Der komme boppedat in soad toeristen, omdat it tsjerkje oan in fytsrûte leit. Besikers meie yn de tsjerke op it oargel spylje. Der komt ek in nij hokje om de bier yn del te setten. Dat is nedich, omdat op it plak dêr't de bier no stiet, it keukentsje pleatst wurdt.

It wurk wurdt útfierd troch frijwilligers. Foar de oanlis wurdt njonken de tsjerke groeven en yn de terp dêr't de tsjerke op stiet boarre om de rioelbuis teplak te krijen. De meiwurkster fan de Ryksarcheologyske Tsjinst kontrolearret de ierde mei it bleate each op spoaren en giet der ek nochris mei in metaaldetektor oerhinne. It jild foar de ferbettering komt fan donaasjes, monumintesoarch en fan subsydzjes. Heal novimber moat it wurk dien wêze, oars ferfalt de subsydzje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)