ARC wer winner alvestêderoeien

11 maaie 2013 - 15:46

De 28e edysje fan de roei-alvestêdetocht is sneontemiddei wûn troch de roeiers fan de Asser Roeiclub. De kombinaasjeploech hie 17 oeren en 20 minuten nedich om de alve stêden oan te dwaan en kaam middeis krekt nei 1 oere oer de einstreek op de Froskepôle. De ploech wie yn 2012 ek al de rapste en sette doe in rekôrtiid fan 16 oeren en 59 minuten yn 'e boeken.

It twadde plak wie foar de Zwolsche-combi, dy't 18 oeren en 7 minuten ûnderweis wie. RIC út Amsterdam makke it poadium kompleet en kaam nei 18 oeren en 50 minuten oer de einstreek.

Sa'n 100 ploegen út binnen- en bûtenlân starten freedtejûn om 8 oere yn de Prinsetún oan de tocht oer goed 200 kilometer. Troch de hurde wyn gong de 28e edysje de boeken yn as ien fan de swierdere tochten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)