Arbitraazje saak Meindertsma

27 jun 2011 - 17:18

Harkemase Boys is it net iens wurden mei âld-trainer Peter Meindertsma oer in ôfkeapsom. De arbitraazjekommisje fan de KNVB moat no mei in útspraak komme. Meindertsma gong yn desimber as ynterim by Harkemase Boys oan de slach as opfolger fan Henk de Jong. Nei in tal minne resultaten joech de klup him yn febrewaris dien. Meindertsma wol dat de Boys syn hiele kontrakt betelje. Mar dat giet de Boys te fier.

De KNVB hie beide partijen oant hjoed de tiid jûn om der út te kommen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)