Arbitraazje moat strideraasje oer Drachtsterbrêge oplosse

01 apr 2016 - 20:57
  • De bou fan it akwadukt neist de Drachtsterwei

De provinsje is it noch hieltyd net iens mei bouwer Heijmans oer de kosten fan it nije akwadukt by de Drachtsterbrêge yn Ljouwert. Troch technyske mankeminten binne de kosten oprûn, en in ûnôfhinklike arbitraazjekommisje sil him der no oer bûge wa't dat betelje moat. Sa ha de bouwer en de opdrachtjouwer dat mei-inoar ôfpraat.

Wilens prate bouwer en provinsje ek bûten de kommisje om noch mei-inoar, neffens ferantwurdlik deputearre Sietske Poepjes (CDA) ferrinne dy petearen konstruktyf.

De provinsje set der op yn dat it akwadukt gau ôfmakke wurdt, binnen budzjet, en dat dat feilich ferrint. Der wurdt op ferskate nivo's praat, seit Poepjes. "Ik bepraat net hoe djip it beton krekt komt, dêr ha oaren mear ferstân fan."

Hurde grûn

By de start fan it wurk, ein 2014, like it der noch op dat it ferkear ein 2015 troch it akwadukt ride soe. Mar al rillegau moast de bouwer de plannen bystelle. Trochdat de grûnlaach hurder wie as tocht, duorre it langer om damwanden yn de grûn te krijen. Dat hat hast in jier fertraging feroarsake.

Lekkerij

Ein 2015 hiene de bouwers te krijen mei wetteroerlêst. De akwaduktbak wie lek, en is twa kear fol mei wetter streamd. Yn oktober, en yn novimber. Foar de wissichheid ha oanlizzende strjitten in pear dagen ôfsletten west. Dûkers ha de lekken tichtmakke.

Fersakkingen

Begjin 2016 die bliken dat de Drachtsterbrêge fersakke wie by it leechpompen fan de akwaduktbak. Dêrtroch koene der in pear dagen gjin frachtauto's oer de brêge ride. Earder wie der ek al sprake fan fersakking, dat kaam doe trochdat sân ûnder de brêge fuortspielde.

Ferkearde peallen

Yn febrewaris rûn de bou fan it akwadukt nochris fjouwer moannen fertraging op troch in flater mei fundearringspeallen. Dy wiene ferkeard pleatst en dêrtroch moasten der nije peallen slein wurde. It duorret no yn alle gefallen oan de ein fan dit jier foardat it akwadukt klear is.

Arbitraazjekommisje

Dat der no in arbitraazjekommisje oan te pas komme moat om it skeel mei de bouwer op te lossen, is neffens deputearre Poepjes hiel gewoan. "Sa giet dat yn de bouwrâld. Ik leau net dat der in grut bouprojekt is dêr't dat net by bart."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)