Arbitraazje Alves tongersdei

23 jan 2008 - 09:38
  • Afonso Alves: moarn mear dúdlikheid oer takomst? Foto: Martin de Jong

De arbitraazjesaak fan Alves tsjin AZ fynt tongersdeitejûn plak. Dat betsjut dat der foar tongersdei in útspraak fan de arbitraazjekommisje komt oer de saak dy't AZ oanspand hat tsjin Hearrenfean. AZ fynt dat se rjocht ha op Alves, mar Hearrenfean wol de oerskriuwing net ûndertekenje, omdat Alves sels net nei AZ wol.

Dêrnei hat Alves wer in saak oanspand tsjin AZ, omdat it kontrakt dat hy mei AZ hat net rjochtsjildich wêze soe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)